
LF2018 stiet foar de doar, dat der is wakker omskuord oan de ynfrastruktuer yn Ljouwert. Dy ferskillende projekten binne opnommen ûnder de namme Ljouwert Frijbaan. Ljouwert moat sa berikber mooglik wêze foar elkenien dy’t mei de auto nei de provinsjale haadstêd wol.
Ik as ferwoeden fytser sjoch al dy weinen mei in sear hert oan. Wolle wy net graach dat minsken miljeubewuster wurde, dat de auto faker stean bliuwt? Ynstee dêrfan moat de fytser ynienen frjemde bochten meitsje wannear’t er oer it Stephensonfiadukt rjochting it FEC wol. Earder koe men moai trochfytse, no moat de fytser derûndertroch wylst auto’s ûnfermindere trochjakkerje kinne.
Shared space is in nobel ideaal, mar as men allinnich mar lilke gesichten en opstutsen middelfingers kriget mei de nije ynrjochting fan de foarkant fan it stasjon, sjit it syn doel folslein foarby. Foar fytsers dy’t der einlings wer komme meie, is it freeslik ûndúdlik hoe’t it stasjonsgebiet der hinne leit en hoe’t men fytse moat. Auto’s hawwe fansels harren eigen rydbaan. Slagget it al om oan de twa grutte wite bernehollen foarby op nei de Skrâns te fytsen, leit dêr ynienen in nij fytspaad. Gjin asfalt, mar tegels. Tegels dy’t al fersakke binne…
Oer fersakjen sprutsen, dat is ek bard by de Blokhúspoarte. De grutte, grize tegels dêr’t men op knoffelet mei’t it fytspaad fan de Easterkade ôf ynienen ophâldt. Dy tegels moatte op brokken iis lykje, mar soargje sa foar oare brokken. Funksjonaliteit moat nammentlik wer wike foar estetyk, wylst dy twa inoar just fersterkje kinne. It wurdt der krekt moaier op wannear’t in fytser de tegels net besmodsket mei syn tebrizele holle as de foarbân yn in naad stykjen bliuwt. Dan praat ik noch net iens oer it feit dat men lang net by de Blokhúspoarte del koe mei de fyts, mar it motorisearre ferkear wol.
Lykwols is der ek noch wat posityfs te melden. It Europaplein is einlings wer iepen. Ik begjin mar net oer it feit dat krekt fytsers lang omride moasten, wylst auto’s dat net hoegden. Nee, ik beslút mei it sizzen dat it krekt noflik is dat fytsers no net oer hoege te stekken mar sa ûnder de dyk troch fan de iene nei de oare kant sjeze kinne op noflik read asfalt. It is ûnnedich negatyf om te sizzen dat it faaks foar de omwenjenden nofliker west hie as de auto’s der ûndertroch gien wienen.

Een lijst met medewerkers
-
Geart Tigchelaar
Ambassadeur cycling out of poverty, dichterscollectyf 'DichterS fan Fryslân'